Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit evenement is voorbij.

Fryske Fesper

27 september @ 19:00 - 20:00

Fryske Fesperfierings

Der is no noch in simmerstop, mar wy binne bliid dat wy alfêst meidiele kinne der wer in fesperfiering wêze sil op 27 septimber. Diskear is it net yn de Waalske Tsjerke, mar wy meie gebrûk meitsje fan de Grutte Tsjerke. Dêr binne wy och sa tankber foar, want no kinne wy de tried wer oppakke dy’t wy yn maart fan dit jier dellein hiene. It is fansels wichtich dat wy foarsichtich bliuwe en dêrom sille wy mei de noadige richtlinen te wurk gean.

Yn de earstfolgjende Geandewei sil mear ynformaasje komme oer wat jo dwaan moatte om dizze fiering by te wenjen. It is goed om mekoar nei sa lange tiid wer te moetsjen. Wy kinne wer mei-inoar harkje nei sprutsen wurden, gebeden, songen lieten en musyk, no yn de romte fan de Grutte Tsjerke.

Wy noegje jo dan ek fan herten út om te kommen snein 27 septimber om 19.00 oere.

Haw noch in goede neisimmer en bliuw sûn .

Gegevens

Datum:
27 september
Tijd:
19:00 - 20:00